Fryslân. Dyn provinsje. It plak dêr’tsto wennest, libbest en it nei ’t sin hast. Op 18 maart 2015 kinsto meibeslute oer de takomst fan Fryslân. Dan binne der nammentlik provinsjale ferkiezingen en kieze wy meielkoar de Fryske Provinsjale Steaten.
Op dizze site lêsto mear oer Provinsjale Steaten en wêr’t se oer beslute. Komst yn ’e kunde mei alle ferkiesbere partijen en fynst praktyske ynformaasje oer de ferkiezingen. Mei de stimhelp ûntdeksto hokker partij oft it bêste by dyn stânpunten past.
It útbringen fan dyn stim duorret troch de bank mar 18.3 sekonden. Yn dat koarte skoftsje kinst in protte berikke! Wat kiesto yn 18.3 sekonden? Diel it op Facebook of Twitter en daagje dyn freonen út om itselde te dwaan!