NL FRL

Fryslân. Dyn provinsje. It plak dêr’tsto wennest, libbest en it nei ’t sin hast. Op 18 maart 2015 kinsto meibeslute oer de takomst fan Fryslân. Dan binne der nammentlik provinsjale ferkiezingen en kieze wy meielkoar de Fryske Provinsjale Steaten.

Op dizze site lêsto mear oer Provinsjale Steaten en wêr’t se oer beslute. Komst yn ’e kunde mei alle ferkiesbere partijen en fynst praktyske ynformaasje oer de ferkiezingen. Mei de stimhelp ûntdeksto hokker partij oft it bêste by dyn stânpunten past.

It útbringen fan dyn stim duorret troch de bank mar 18.3 sekonden. Yn dat koarte skoftsje kinst in protte berikke! Wat kiesto yn 18.3 sekonden? Diel it op Facebook of Twitter en daagje dyn freonen út om itselde te dwaan!

Werom stimme?

Op 18 maart kieze wy meielkoar de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Provinsjale Steaten (PS) bepale yn grutte halen wat der yn ús provinsje bart en beslute oer in hiel soad belangrike ûnderwerpen. Mei dyn stim bepaalsto dus mei wat der mei it provinsjale jild dien wurdt. Mear iepenbier ferfier? Nije wegen? Tûzen ekstra banen? Mear duorsume enerzjy? Wat fynsto belangryk? Troch te stimmen beslútsto mei oer de takomst fan Fryslân.

Boppedat hat dyn stim ek ynfloed op de lanlike polityk: de Provinsjale Steaten fan alle provinsjes kieze meielkoar nammentlik de leden fan de Earste Keamer. In stimbiljet ynfolje duorret troch de bank mar 18.3 sekonden. Yn dat koarte skoftsje makkesto it ferskil. Beslútsto oer fjouwer jier provinsjaal belied én ferdielsto 488 miljoen euro. Stimme? It is samar klear en it effekt is grut.

Wat dogge Provinsjale Steaten?

Provinsjale Steaten (PS) binne it haad fan de provinsje. Hja fertsjinwurdigje alle ynwenners fan Fryslân, bepale yn grutte halen wat der yn ús provinsje bart en kontrolearje oft Deputearre Steaten (it deistich bestjoer fan de provinsje) it fêststelde belied goed útfiere. PS beslute oer gâns belangrike ûnderwerpen, lykas ûnderwiis, feiligens, miljeu en ferkear & ferfier. Hjirûnder sjochst wêr’t PS harren krekt mei dwaande hâlde.

thema-werk

Mear wurkgelegenheid

Mear banen regelje yn Fryslân; dat is in belangrike taak fan de provinsje. En dy hat dêr dan ek ekstra jild foar frijmakke fia it ynvestearringsprogramma Wurkje foar Fryslân. Dat jild komt út de opbringst fan de ferkeap fan Nuon-oandielen. Wurkje foar Fryslân jout bedriuwen, ynstellingen en partikulieren nije finansjele mooglikheden. De provinsje wol de kommende jierren tûzenen Friezen oan it wurk krije. Under mear troch huzen enerzjysuniger te meitsjen, sadat der nije wurkgelegenheid ûntstiet. Mear ynformaasje is te finen op www.fryslan.frl/wurkje.

folgend tema >
thema-platteland

Een sterk plattelân

It Fryske plattelân is belangryk foar de provinsje. Streekwurk Fryslân, in gearwurking tusken Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de Fryske gemeenten, stimulearret de ûntwikkeling fan it plattelân. Streekwurk bringt yn fiif Fryske gebieten minsken, middels en mooglikheden byelkoar. Yn ’e mande mei ynwenners wurde projekten ûntwikkele dy’t de leefberens fergrutsje. Bygelyks op it gebiet fan wenjen, wurk, kultuer en toerisme. De provinsje stimulearret inisjativen dy’t de Fryske regio’s sterker en moaier meitsje. Gebietsplatfoarms/advysgroepen jouwe advys oer hokker projekten oft subsydzje krije. Mear ynformaasje stiet op www.fryslan.frl/streekwurk.

folgend tema >
thema-fryske

Grutsk op de Fryske taal en kultuer

Fryslân hat in rike kultuer en in soad kultureel erfgoed. Sa is de Fryske taal de offisjele twadde rykstaal. De provinsje is sunich op it Frysk en de typysk Fryske gebouwen, lânskippen, tradysjes en gebrûken en ynvestearret dêrom yn it behâlden en stimulearjen fan de Fryske taal en kultuer. De musea hawwe heechweardige kolleksjes, kulturele festivals lûke besikers út binnen- en bûtenlân en foar de Fryske taal binne de nijste digitale (help)middels beskikber. De provinsje stipet dat allegear. yn 2018 is Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Dat jout prachtige kânsen foar ús provinsje.

folgend tema >
thema-samenleving

In skjinne en sûne mienskip

De provinsje wol Fryslân in bytsje skjinner, duorsumer en earliker meitsje. Yn oparbeidzjen mei de Fryske mienskip. De ideeën dêrfoar steane yn it Frysk Miljeuplan 2015-2016. Mei de Fryske Grûnstoffe-aginda wol de provinsje it op ’en nij brûken fan grûnstoffen sa as plestik, tekstyl en tapyt stimulearje. In oar doel is om mear motorrydtugen ride te litten op duorsume brânstof, lykas grien gas of elektrisiteit. De provinsje stimulearret it gebrûk fan lokale produkten en Fairtrade ek: earlike wrâldhannel. Koartsein: in Fair Fryslân!

folgend tema >
thema-natuur

Natuer en lânskip

In noflike omjouwing foar minsken, planten en bisten om yn te libjen. Dêr ynvestearret de provinsje yn. Otters wurde bygelyks beskerme en der wurdt wurke oan tweintich Natura2000-gebieten. Foarbylden binne de Alde Feanen en de Fryske marren. De provinsje stimulearret partikulier en agrarysk natuerbehear ek en freget boeren bygelyks om rekken te hâlden mei de natuer (lykas greidefûgels). De provinsje docht noch folle mear op it mêd fan natuer, lânskip en lânbou. Sadat Fryslân ek de moaiste provinsje fan Nederlân bliuwt.

folgend tema >
thema-bereikbaar

Fryslân goed berikber

De provinsje beheart 846 kilometer wegen en 900 kilometer farwegen. It is fan belang dat elkenien feilich op paad kin. Dêrom soarget de provinsje foar goed ûnderhâld en it oanlizzen fan nije wegen sa as de Heak om Ljouwert en de Sintrale As en hâldt hja farwegen op djipte. Fierders wurde nije (rûn)wegen, (turbo)rotonden, fytsoerstekplakken, busstasjons, brêgen, slûzen en akwadukten oanlein of renovearre. Troch oanpassingen fan it spoar rydt der aanst in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins en ride der aanst mear treinen tusken Ljouwert en Swol.

folgend tema >
thema-gebiedsontwikkeling

Romte foar gebietsûntwikkeling

It oanlizzen fan wegen jout kânsen om de omjouwing moaier te meitsjen. Foarbylden fan sa’n ‘gebietsûntwikkeling’ binne it oanlizzen fan nije fyts-, kuier- en ruterpaden of in nije sloeperûte. Ek by de Ofslútdyk soarget de provinsje dat der mear bart as allinnich dykfernijing. Der is bygelyks in proefynstallaasje foar it opwekken fan enerzjy troch it mingen fan sâlt en swiet wetter. Dêr komt ek de earste fiskmigraasjerivier fan ’e wrâld. De provinsje arbeidet dêrby op mei oare oerheden.

folgend tema >
thema-bodem

Omtinken foar boaiemdelgong

In konkrete útwurking fan it wetterbehear is de Feangreidefisy. Dy fisy bringt de gefolgen fan meanfjilddelgong (it sakjen fan de feanboaiem) yn byld. De provinsje sjocht mei bygelyks Wetterskip Fryslân nei mooglikheden om de gefolgen fan boaiemdelgong te beheinen.

folgend tema >
thema-water

Skjin, feilich en genôch wetter

De provinsje Fryslân ynvestearret yn wetter, yn ’e mande mei Wetterskip Fryslân, drinkwetterbedriuw Vitens en de Fryske gemeenten. Beheart it grûnwetter, soarget foar foldwaande en skjin (drink)wetter én bewekket de kwaliteit fan it Fryske swimwetter. Feilich, foldwaande en skjin wetter steane hieltyd foarop. Stevige diken en dunen beskermje ynwenners tsjin oerstreamingen. Fierders wurdt soarge foar in goed lykwicht yn ’e wetterpeilen. It oerflaktewetter moat skjin genôch wêze foar minsken, bisten en planten. Grûnwetter (de boarne fan ús drinkwetter) wurdt kontrolearre op fersmoargingen. Boppedat wurde miljoenen liters ôffalwetter fan húshâldens en bedriuwen yn Fryslân alle dagen skjinmakke. Dat is fan belang foar de sûnens fan elkenien.

folgend tema >
thema-bestuur

Sterk lokaal bestjoer

Gemeenten moatte hieltyd mear taken útfiere mei minder jild. Gearwurkje of byinoar gean (fúzje) is needsaaklik. De provinsje stimulearret dat, mar it inisjatyf leit by de gemeenteried. Mei gemeenten en de Vereniging van Friese Gemeenten wurket de provinsje oan in sterk lokaal bestjoer. By fúzjes checkt de provinsje bygelyks oft der in lykwichtige nije gemeente ûntstiet en advisearret it ryk dêroer. Dêrneist hâldt de provinsje tafersjoch op de gemeentlike finânsjes. By it beneamen fan in (nije) boargemaster hat de Kommissaris fan de Kening (CdK) in wichtige taak. Ut namme fan it ryk sjocht de CdK ta op in goed ferrin fan prosedueren.

folgend tema >

Op wa kin ik stimme?

PVV

It moat oars

De Partij voor de Vrijheid docht op 18 maart wer mei oan de Fryske Steateferkiezingen. De lanlike útgongspunten fan ús partij jilde fansels ek foar dizze ferkiezingen. Mar de provinsjale belangen, dy steane foarop.

De leden fan PS kieze skielk de Earste Keamer. Fia ús kin de kiezer dus ynfloed útoefenje op it Haachske belied. Hawwe jo jo nocht fan it tsjintwurdige kabinet? Gean dan foaral te stimmen! Wy wolle dat de stim fan de boarger meisprekt yn binende referindums.

Us lanlike biedwurd is ‘Genoeg is genoeg’. Wy hawwe dat oerset nei ‘It moat oars’. Us provinsjale ynbring sil foaral gean oer de kearntaken fan de provinsje. Jo kinne ús wiidweidige programma (yn it Nederlânsk en Frysk) fine op ús website. Aktuele dingen fine jo op de Facebookside fan PVV Fryslân.

fotopvv

5 Standpunten

  • Nuonjild weromjaan oan de Fryske boarger (1000 euro foar elke Fries).
  • Fryslân wynmûnefrij; Gjin wynmûnen op it lân, net yn de Iselmar en ek net lâns de Ofslútdyk.
  • Gjin útwreiding AZC's en moskeeën.
  • Subsydzjekraan ticht foar Kulturele Haadstêd 2018.
  • Skoalswimmen foar alle Fryske bern.
http://www.pvvfryslan.com

50PLUS

50PLUS boppe, 50PLUS dus

Yn Fryslân is it tal 65-plussers tanommen ta 124.000. Lanlik is ien op de fjouwer ynwenners âlder as fyftich jier. En dat oantal nimt ta! Wa meitsje harren drok oer âlderen? Wa’t boppe de 50 sûnder wurk komt te sitten, bliuwt wurkleas, fersoargingstehuzen slute, pensjoenen wurde ûnnedich koarte, soarch wurdt djoerder. Mantelsoarch wurdt dreger, de iensumens nimt ta, de berikberens fan foarsjenningen nimt ôf en ferskillen wurde grutter.

50PLUS set de âlderein fan no en de takomstige âlderein op de aginda. 50PLUS makket it ferskil. 50PLUS makket him drok om wêr’t it echt om giet.

‘Ik bin noch mar krekt 50, mar moat der net oan tinke hoe’t it der letter út komt te sjen. Ik sjoch it by myn âlders, mar ek by freonen, buorlju en famylje. Wolle wy in goede takomst, dan moat it oars.’

It moat oars

50PLUS DUS. Voor opa’s, oma’s, ouders, kinderen en kleinkinderen. Foar paken, beppen, âlders, bern en pake- en beppesizzers.

50plus

5 Standpunten

  • Wy befoarderje wenjen en wurkjen, in leefber plattelân en leefbere wiken.
  • Wy soargje foar it behâld fan lânskip en natuer.
  • Wy soargje foar goed en berikber ûnderwiis foar jong en âld.
  • De Fryske taal, kultuer en sporten hâldt 50PLUS Fryslân yn stân.
  • Fryslân bliuwt Fryslân. No en yn ’e takomst. In duorsume takomst!
http://www.50pluspartij.nl

CDA

Sander de Rouwe (CDA): ‘Oan ’t wurk!’

Fryslân is de moaiste provinsje fan Nederlân. Dêr binne wy grutsk op! Op ús lânskip, ús taal en ús mienskip, de kreativiteit, de ûndernimmingssin en ús kultureel erfgoed. It docht dan ek gjin nij dat Ljouwert yn 2018 Europeeske haadstêd fan de kultuer is!

Tagelyk stiet de wenningmerk ûnder druk. Wy wurde mei syn allen hieltyd âlder en wolle langer thús wenjen bliuwe. In hûs is net samar ferkocht en starters hawwe muoite om in hypoteek te krijen. In protte winkelpannen steane leech. Troch de krimp fan de befolking nimt de leefberens ôf. En hoewol’t de Fryske ekonomy yn ’e ôfrûne tsien jier sterker en robúster wurden is, binne tefolle Friezen troch de krisis harren baan kwytrekke. Jongeren komme minder gau oan ’e bak en banken jouwe net samar mear krediten oan bedriuwen.

Wurkje, wenje, wille

Us CDA-oanpak om te kiezen foar ynvestearringen yn ’t plak fan subsydzjes blykt te wurkjen. Dat liedt ta mear leefberheid, ynvestearringskrêft en ynnovaasje. Ek yn ’e kommende jierren wol CDA Fryslân yntinsyf trochgean mei yn te setten op Wurkje, Wenje en Wille. Mei jo wurkje wy oan in Fryslân dêr’t folop wurk, wenplezier en kultuer is. Oan ’t wurk!

Sander de Rouwe, listlûker CDA Fryslân

cda

5 Standpunten

  • Wy ferleegje de motorrydtugebelesting mei € 20 miljoen.
  • Wy stelle jild beskikber foar Fryske MKB-ûndernimmers en de bouwrâld.
  • Leefberheid is topprioriteit yn Fryske krimpgebieten.
  • Fryske jongeren moatte, as wenningkeapers, makliker kredyt krije kinne.
  • De provinsje moat tûkere maatregels nimme om de alvestêdetocht mooglik te meitsjen.
http://www.cda.frl

ChristenUnie

Jou it leauwe in stim yn Fryslân: stim ChristenUnie

Us basis is it leauwe yn Jezus Kristus, dat wy yn it deistich libben hannen en fuotten jaan wolle. De opjefte is om God leaf te hawwen boppe alles en ús neiste as ússels. Dat is de paadwizer foar ús hanneljen.

As wy it belang fan de oar op it each hawwe, sjogge wy oars nei de ekonomy, de soarch of ús omjouwing as wannear’t wy inkeld ús eigen belang neistribje. Wy sette ús dêrom yn foar in maatskippij wêryn’t minsken nei inoar omsjogge, dêr’t alle minsken ta harren rjocht komme en dêr’t elkenien de kâns kriget om nei fermogen mei te dwaan. As elkenien each hat foar de oar, falt net ien bûten de boat en bouwe wy mei-inoar oan in krêftige provinsje.

Wy leauwe yn:

Soarch foar elkoar. As kristlike politike partij wolle wy bûnsgenoat wêze fan alle boargers. Ek fan swak­keren en flechtlingen.
Wurk. Alle ynwenners fan Fryslân moatte harren talinten ûntwikkelje kinne. Dat freget om in sterke ekonomy en om kânsen op earlik wurk.
Fryslân. Us heitelân moatte wy moai hâlde. As goede rintmasters soargje wy foar it lânskip, de natuer en de Fryske taal.

cu

5 Standpunten

  • Goede berikbere soarch, want elk minske telt.
  • Minskehannelfrije provinsje. Elkenien hat rjocht op feilich en earlik wurk.
  • Sosjaal ûndernimmen moat makliker wurde.
  • Mear en rappere treinen en bussen.
  • Enerzjybesparring en duorsume enerzjy, sadat wy yn 2050 as provinsje fossylfrije enerzjy hawwe.
http://www.christenunie.frl

D66

D66: hjir yn Fryslân

Fryslân hat alles wat yn de Rânestêd ûntbrekt: rêst, romte, grien, in goedkeap wenklimaat en in suver fileleaze ynfrastruktuer. In hearlike omjouwing om te wenjen en te wurkjen. Dat wol D66 sa hâlde en fierder stimulearje. Dêrom wol D66 kultueredukaasje yn it basis- en fuortset ûnderwiis stypje, makket D66 jild frij foar fernijing yn it Fryske MKB en pleitet de partij foar in enerzjyplan dat yn 2050 ta in enerzjyneutraal Fryslân liedt.

Ynwenners derby belûke

Spesjaal omtinken jout D66 oan ynspraak fan de Fryske befolking op de omjouwing. De provinsje hat der in potsje fan makke wat ynspraak oanbelanget, fynt de partij.

Bygelyks oangeande it pleatsen fan wynmûnen. Dat kin folle better, ûnder mear troch al folle earder yn it proses ynwenners om advys te freegjen.

In oar punt dêr’t D66 him yn it bysûnder foar ynsette wol, is funksjoneel analfabetisme (“laaggeletterdheid”). Mar leafst ien op de sân Friezen hat muoite mei lêzen en/of skriuwen en kin dus net folweardich meidwaan oan de maatskippij. Belied fan it Ryk sjit tekoart en gemeenten hawwe gjin jild of mankrêft om dêr wat oan te dwaan. Dêrom wol D66 dat probleem op provinsjaal nivo oanpakke.

d66

5 Standpunten

  • Kultueredukaasje op alle Fryske skoallen.
  • Ynnovaasjefûns fan 10 miljoen foar it Fryske MKB.
  • Meartalich ûnderwiis foar elk bern.
  • Plan fan oanpak foar it bestriden fan funksjoneel analfabetisme.
  • Enerzjyplan foar in enerzjyneutraal Fryslân yn 2050.
friesland.d66.nl

FNP

FNP: foar Friezen en foar elkenien dy’t him hjir thús fielt

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan Fryslân. De FNP giet yn it foarste plak út fan de belangen fan Fryslân. It giet de FNP derom dat de minsken yn Fryslân sels safolle mooglik te sizzen krije oer harren eigen takomst. Wat út Den Haag en Brussel op Fryslân ôfkomt moat dêrom ek yn it belang wêze fan Fryslân. De FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen en sadwaande dé partij om foar Fryslân op te kommen.

Dat docht de FNP yn gemeenterieden, it Wetterskipsbestjoer en Provinsjale Steaten, mar ek yn de Earste Keamer yn de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF).

De FNP wol de minsklike mjitte werombringe en sizzenskip oer elemintêre saken as soarch, ûnderwiis en kultuer weromjaan oan de minsken. Fryslân moat dus mear as inkeld mar in selsstannige provinsje bliuwe. De provinsje is net samar in bestjoerlike middenlaach. De provinsje moat yn de folle breedte noed stean kinne foar de belangen fan syn ynwenners. Dy provinsje moat de minsklike mjitte fan it bestjoer stal jaan.

In referindum oer it foech oangeande de tagonklikens en de sprieding fan sikehuzen, wenningkorporaasjes en boppegemeentlike soarchynstellings yn 2017 is dêrta in earste oanset.

fnp

5 Standpunten

  • Minder Den Haag - mear Fryslân: kies provinsjaal.
  • Minder wynmûnen - mear romte: gjin nije wynmûnen op it Fryske lân.
  • Minder managers - mear soarch: provinsjaal foech sike- en ferpleechhuzen.
  • Minder regels - mear ynfestearje: 80 miljoen ynfestearje yn wurkgelegenheid.
  • Minder Rânestêd - mear regio: Hendrik ten Hoeve, de Fryske kandidaat Earste Keamer.
http://www.fnp.frl

Friese Koers

Allinich Fryslân telt

Friese Koers is de jongste Fryske partij, dy’t syn nocht hat fan de âlde polityk. Wy hawwe gjin politike baas yn Den Haach. Us baas, dat binne jo. Wy wolle it âlderwetske skoalswimmen werom hawwe op de basisskoallen en swimbaden (Boalsert) iepenhâlde.

Net Den Haach, mar de provinsje  moat oer de feartsjinsten nei Waadeilannen kedize, sadat de boatprizen omleech kinne. Stypje Fryske ikoanen lykas de Snitswike, Harnzer Fiskerijdagen, Oerol, SC Cambuur en SC Heerenveen.

Skjinner miljeu

Friese Koers wol de lokale ekonomy stimulearje troch bygelyks Kimswert (oan See) direkt oan te sluten op de Waadsee mei in prachtich strân.

Wy easkje in skjinner miljeu troch sinnepanielen te ferplichtsjen by nijbouwenten, wynmûnen te pleatsen op de Ofslútdyk, gjin gas- en sâltwinning yn Fryslân ta te stean (Frjentsjer) en de ôffaloven yn Harns te sluten

CH2018 kin in diamant foar Fryslân wurde. Dat moatte Europa en de wrâld witte. Dêrom wolle wy foar ien moanne in Fryske Ambassade yn Parys iepenje en Shakira nei Fryslân helje as iepeningsact fan CH2018.

It Fryske wegenet is noch net kompleet. Dêrom wolle wy in fjouwerbaansdyk fan Snits nei Ljouwert, rûnwei De Lemmer Noard en Wânswert. Dêrneist wolle wy in keazen kommissaris fan de Kening, sadat Doutzen Kroes, mar ek jo kandidaat wêze kinne.

friesekoers

5 Standpunten

  • Foar ien moanne in Fryske Ambassade yn Parys, Shakira as iepeningsact foar CH2018.
  • Provinsjale bydrage foar SC Cambuur, SC Heerenveen, Snitswike, Tryater en Oerol.
  • De swimbaden iepenhâlde en skoalswimmen werom op basisskoallen.
  • In fjouwerbaansdyk Snits-Ljouwert, rûnwei De Lemmer-Noard en Wânswert.
  • Ien euro wykeins foar it iepenbier ferfier.
http://www.friesekoers.nl

GrienLinks

GrienLinks: earlik diele yn in grien Fryslân

GrienLinks stiet foar griene en linkse polityk. Dat betsjut earlik diele. De romte earlik diele: neist romte foar de minske ek romte foar planten en dieren. Tanksij GrienLinks is Fryslân al in gentech-frije provinsje. Mar it bioferskaat kin noch folle better. Bygelyks mei krûderike greiden, hegere wetterpeilen en fee yn it lân: goed foar greidefûgels, ynsekten, fee en minsken. Jild giet dus nei sterke natuer en sûne lânbou.

Earlik diele yn wurk. GrienLinks ynvestearret yn griene banen, troch huzen te isolearjen en sinnepanielen te pleatsen. Just ek op dakken fan hierwenten. Goed foar de wurkgelegenheid en it miljeu. Fryslân wurdt de foaroprinner yn blue-energy. Ek dat kreëarret banen op MBO- en HBO-nivo.

Earlik diele yn soarch: Fryslân wurdt proeftún fan fernijing yn de soarch. De provinsje hat dêryn in pioniersrol en stimulearret saneamde ‘Sionsberg-dagen’, dêr’t minsken oanjaan meie hoe’t de soarch by harren yn ’e buert ynrjochte wurde kin.

Earlik diele yn enerzjy: der binne al aardich wat groepen minsken dy’t harren eigen skjinne enerzjy opwekke. Dat kinne der folle mear wurde! GrienLinks stipet lytsskalige, kollektive en skjinne projekten. De opbringsten dêrfan komme wer by de minsken telâne. Enerzjyneutrale bou stipet GrienLinks finansjeel troch in provinsjale bydrage.

grienlinks

5 Standpunten

  • Griene banen kreëarje: wenningisolaasje, sinnepanielen op huzen en wynmûnen by bedriuwen.
  • Fryslân wurdt proeftún fan fernijing yn de soarch. De provinsje ferfollet dêryn in pioniersrol.
  • Fryslân wurdt de foaroprinner yn wettertechnology: noch mear duorsume wurkgelegenheid.
  • Sinnepanielen op 50.000 Fryske (hier)huzen.
  • Stypjen fan lytsskalige, kollektive, duorsume enerzjy-inisjativen.
http://www.stemgrienlinks.nl

Partij voor de Dieren

Meitsje it ferskil op 18 maart: kies Partij voor de Dieren

De Partij voor de Dieren komt op foar alles wat kwetsber is. In protte dingen dy’t wy dogge binne ferkeard foar ússels en ús sûnens, mar ek foar dieren, natuer en miljeu – en ús ierde. Dêrom tinkt de Partij voor de Dieren, mear as oare partijen, oan de takomst fan álle libben op ierde.

Krekt no wól stimme

Guon minsken leauwe dat it net belangryk is om te stimmen foar de Provinsjale Steateferkiezingen, mar it tsjindiel is wier. De provinsjes binne ferantwurdlik foar natuer en miljeu. Sy kinne ek soargje foar minder megastâlen, mear kij yn it lân en it ophâlde litten fan de plezierjacht.

Alle jierren wurde twa miljoen dieren yn it wyld deasketten, allinnich mar foar de wille fan jagers. De PvdD fynt dat de plezierjacht yn Fryslân ophâlde moat. De PvdD is ek fan miening dat de provinsje soargje moat foar in skjin miljeu, in sûne leefomjouwing en in duorsume ekonomy. Wergebrûk en fermindering fan grûnstoffen moatte útgongspunten wêze.

Stimme foar de Provinsjale Steateferkiezingen is boppedat wichtich om’t Steateleden yn maaie de Earste Keamer kieze. En dy beslút wer oer de grutte besunigingen fan dit kabinet op soarch, ferpleechtehuzen en ûnderwiis. Dêr is de PvdD op tsjin, dus ek dêr is fertsjintwurdiging fan de PvdD fan grut belang!

pvdd

5 Standpunten

  • De provinsje wurket allinnich mei oan útwreiding fan griene en biologyske feehâlderijen.
  • Beskermje natuer en omwenners tsjin lânboufergif.
  • Stopje hobbyjacht, bisten moatte de romte krije.
  • Guozzen yn Fryslân wurde net deamakke, mar dierfreonlik ferjage.
  • Fryslân set yn op in skjinne Waadsee en foarkomt bedrigingen troch sâltwinning en ôffalsintrales.
http://afdelingfriesland.partijvoordedieren.nl

PvdA

‘JA!’ foar in sterker, moaier en tûker Fryslân

De Partij van de Arbeid yn Fryslân doart te dreamen en makket dy dreamen wier. Elke dei, stap foar stap. Wy litte sjen dat fyzje en optimisme it ferskil meitsje. Dat it altyd om minsken giet. Wy hawwe in soad ta stân brocht de ôfrûne jierren. Wy hawwe ambysje toand.

Wurk, wurk, wurk

Wy hawwe soarge foar banen yn drege krisisjierren. Yn hiel Fryslân wurkje wy oan wegen, soarchwenten, toerisme, enerzjysunige huzen en supersnel ynternet. Wy ynvestearje yn it ûnderwiis fan de 21e iuw mei traineeships, banevouchers, staazjeplakken, bedriuwsopliedingen en meartalich ûnderwiis. Wy hawwe trochset doe’t net ien leaude dat Ljouwert út namme fan Fryslân kulturele haadstêd fan Europa wurde koe. En wy waarden beleanne!

Mei fyzje en trochsetten hawwe wy der ek foar soarge dat der wer in universiteit yn Fryslân komt. De PvdA set idealen om yn wurk. Wy binne in partij mei in iepen hâlding. In partij fan ferbining. Wy litte ús net gek meitsje troch de waan fan ’e dei. Wy nimme ferantwurdlikheid foar it Fryslân fan de takomst. Dat dogge wy fol positiviteit. ‘JA!’ wy kinne it! Meielkoar meitsje wy Fryslân sterker, moaier en tûker. Sis dêrom ‘JA!’ op 18 maart. ‘JA!’ foar Fryslân en ‘JA!’ foar de PvdA!

Jannewietske de Vries

pvda

5 Standpunten

  • WURK: elkenien moat meidwaan: goed wurk, earlik wurk, betelle wurk.
  • SOARCH: soarch op maat en soarchwenten klearmeitsje foar de takomst.
  • UNDERWIIS: tagonklik, ynnovatyf, meartalich ûnderwiis: fan pjut oant promovendus.
  • YNNOVAASJE: Fryske ‘útfiningen’ moatte de Fryske ekonomy fersterkje.
  • SUPERSNEL YNTERNET: ferbyn Fryslân mei de wrâld. Elke Fries in wrâldboarger.
http://www.pvdafryslan.nl

SP

‘It giet om soarch, wurk, wenjen en in earlike kâns foar elkenien’

Fenna Feenstra, listlûker foar de SP: ‘Minsken dêr’t wy op strjitte en yn ’e buert mei prate binne lilk op ús regearing. Se hawwe har nocht fan de twadieling yn ús lân, de ôfbraak fan ús soarch en foarsjenningen, en de wurkleazens. Meiwurkers moatte lean ynleverje wylst de direkteur tonnen krijt.

Rekkenje ôf!

De SP wol in maatskippij wêryn’t elkenien gelikense kânsen hat. Net om’t alle minsken itselde binne, mar wol om’t álle Nederlanners rjocht hawwe op in kâns om it bêste te meitsjen fan harren libben. As tagong ta soarch, wurk en ûnderwiis ôfhinklik wurdt fan de ynhâld fan je jildponge, wurdt in diel fan Nederlân in earlike kâns ûntnommen.

As polityk moatte wy grutte ferskillen net negearje, mar dy ferskillen oanpakke. Just troch te ynvestearjen yn goede foarsjenningen, soarch yn ’e buert, duorsume enerzjy foar elkenien, better iepenbier ferfier en foaral: it bestriden fan earmoede.

Op 18 maart kinne wy ôfrekkenje mei dizze regearing en kinne wy kieze foar hûndert prosint sosjale polityk. Mei in sterke SP yn de provinsje krije jo ek in sterke SP yn de Earste Keamer. Sa kinne wy earliker diele yn Nederlân. Der is genôch foar elkenien!

sp

5 Standpunten

  • Better iepenbier ferfier: hiel Fryslân berikber.
  • Elkenien moat goed en betelber wenje kinne: yn doarp en stêd.
  • Duorsume enerzjy lokaal opwekke: sa profitearret elkenien mei.
  • Earmoede en twadieling oanpakke: der is genôch foar elkenien!
  • De lânbou moat minsk-, dier- en miljeufreonliker.
http://fryslan.sp.nl

VVD

VVD giet foar wurk, wegen en lege lêsten!

De VVD kiest yn syn ferkiezingsprogramma foar wurk, wegen, lege lêsten en de ûndernimmende minske. De VVD fynt dat Fryslân in krêftich bestjoer nedich hat dat syn wurk ôfstimt op de behoefte fan de ynwenners en bedriuwen. De VVD giet dêrby foar in lytse oerheid mei minder amtners, minder burokrasy en minder regels. Dat moat liede ta belestingferleging en mear romte om te ûndernimmen.

Méár foar Fryslân!

It ferkiezingsprogramma fan VVD Fryslân hat as titel ‘Méér voor Fryslân!’ De VVD wol méár omtinken foar de ekonomy. In sterke Fryske ekonomy soarget foar banen, biedt wolfeart foar boargers en kânsen oan ûndernimmers. Dêrby moat ek méár omtinken wêze foar it MKB. It MKB is de banemotor fan Fryslân.

De VVD wol méár ynvestearje yn berikberheid. Dat is de foarnaamste betingst foar ekonomyske ûntwikkeling. Ek de kommende jierren moat der ynvestearre wurde yn oanlis, behear en ûnderhâld fan (far)wegen.

De VVD wol ek dat de oerheid méár romte biedt oan ynwenners en bedriuwen en harren net tsjinhâldt mei oerstallige regels. Dat moat liede ta in maatskippij wêryn’t elkenien frij is om syn of har eigen libben safolle mooglik sels yn te rjochtsjen, sûnder dat de oerheid dêrby yn it paad stiet.

vvd

5 Standpunten

  • De VVD wol ynvestearje yn ekonomy en wurkgelegenheid.
  • De VVD wol ynvestearje yn de berikberheid fan Fryslân.
  • De VVD wol de provinsjale belestingen ferleegje.
  • De VVD wol in lytse oerheid mei minder amtners en minder burokrasy.
  • De VVD is tsjin wynmûnen.
http://www.vvdfriesland.nl

Verenigd Links

Verenigd Links wit wat minsken écht dwaande hâldt

Mei jo stim op Verenigd Links kinne wy meielkoar werklik wat dwaan oan de sosjale problemen dêr’t minsken yn de wiken en doarpen tsjinoan rinne. Alle lokale Verenigd Links-groepen yn de provinsje en dêrbûten harkje echt nei wat minsken dwaande hâldt. Dy lûden wolle wy no omsette nei in krêftich provinsjaal lûd om politike foarstellen te ferbetterjen en bettere keuzes te meitsjen.

Kieze foar minsken

Verenigd Links stiet midden yn de maatskippij en hat each foar elk syn belangen. Wy komme dúdlik op foar dyjingen dy’t ûnrjochtfeardich hurd troffen binne troch it politike (net sosjale) belied fan de lêste jierren.

Wy wolle in sterke, fearkrêftige maatskippij wêryn’t wy mienskipsjild rjochtfeardich útjouwe. Dêrby stiet it wolwêzen fan alle minsken foarop. Wy kieze earst foar minsken: megaprojekten meie net te’n koste gean fan it wolwêzen fan minske en dier.

Verenigd Links is net bûn oan beheiningen en foarskriften fan in lanlik haadkantoar.

verenigd-links

5 Standpunten

  • Stap foar stap ynfieren fan fergees iepenbier ferfier
  • Fryslân giet net op yn ien noardlike provinsje
  • Ekstra ynnovaasjecoaches yn it midden- en lytsbedriuw
  • It ynstellen fan in senioaretinktank
  • Ynvestearringen yn toerisme en in Fryske toeristekaart
http://www.verenigdlinks.eu

Libertarische Partij

De wierheid klinkt net altyd seksy

De LP wol oarsaken oanpakke, gjin gefolgen bestride. Wy binne écht sosjaal. Gigantyske útjeften wêrtroch’t earste libbensbehoeften trijedûbel te djoer binne troch tritich soarten belestingen? Dat is net sosjaal. Wy wolle écht banen kreëarje. Belestingen en beheinende regels meitsje Fryske arbeidsoeren te djoer, sadat dy minder ferkocht wurde. Wy binne écht miljeubewust: it bêste foar it miljeu is in Fries dy’t genôch jild oerhat foar ferstannige keuzes.

Echte demokrasy

Echte demokrasy is alle dagen stimme mei dyn fuotten en dyn beurs. Besteegje tiid en enerzjy oan datjinge dêr’tst mear fan sjen wolst, negearje datjinge dêr’tst minder fan wolst.

De LP wol dat elke Fries in krêftige stim hat yn de echte demokrasy. Ast waar foar dyn jild hawwe wolst, moatst nee sizze kinne. Ek tsjin de oerheid. De oerheid is in kostepost. Mear oerheid betsjut mear problemen. De LP wol in sa lyts mooglike oerheid. Sadat romte ûntstiet foar eigen, passende keuzes.

Oan ien kear yn de fjouwer jier stimme moat sa min mooglik macht, prestiizje en jild klibje. Spandearje 18 maart dyn tiid en enerzjy oan de LP en stim op ús: list 14.

libertarischepartij

5 Standpunten

  • Gjin leagens oer sosjaal wêzen.
  • Gjin leagens oer banen kreëarje.
  • Gjin leagens oer miljeubewust wêzen.
  • De oarsaak fan problemen is ús djoere oerheid. Net in tekoart oan goede of oare plannen.
  • It is óf oerheid, óf romte om te libjen. Beide is ûnmooglik.
http://www.libertarischepartij.nl
fotopvv

Max Aardema

PVV

De Partij voor de Vrijheid docht op 18 maart wer mei oan de Fryske Steateferkiezingen. De lanlike útgongspunten fan ús partij jilde fansels ek foar dizze ferkiezingen. Ma...

lês mear >
50plus

Jan Waterlander

50PLUS

Yn Fryslân is it tal 65-plussers tanommen ta 124.000. Lanlik is ien op de fjouwer ynwenners âlder as fyftich jier. En dat oantal nimt ta! Wa meitsje harren drok oer âlde...

lês mear >
cda

Sander de Rouwe

CDA

Fryslân is de moaiste provinsje fan Nederlân. Dêr binne wy grutsk op! Op ús lânskip, ús taal en ús mienskip, de kreativiteit, de ûndernimmingssin en ús kultureel e...

lês mear >
cu

Anja Haga

ChristenUnie

Us basis is it leauwe yn Jezus Kristus, dat wy yn it deistich libben hannen en fuotten jaan wolle. De opjefte is om God leaf te hawwen boppe alles en ús neiste as ússels....

lês mear >
d66

Margreet Mulder

D66

Fryslân hat alles wat yn de Rânestêd ûntbrekt: rêst, romte, grien, in goedkeap wenklimaat en in suver fileleaze ynfrastruktuer. In hearlike omjouwing om te wenjen en t...

lês mear >
fnp

Johannes Kramer

FNP

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan Fryslân. De FNP giet yn it foarste plak út fan de belangen fan Fryslân. It giet de FNP derom dat de minsken ...

lês mear >
friesekoers

Jelle Hiemstra

Friese Koers

Friese Koers is de jongste Fryske partij, dy’t syn nocht hat fan de âlde polityk. Wy hawwe gjin politike baas yn Den Haach. Us baas, dat binne jo. Wy wolle it âlderwets...

lês mear >
grienlinks

Retze van der Honing

GrienLinks

GrienLinks stiet foar griene en linkse polityk. Dat betsjut earlik diele. De romte earlik diele: neist romte foar de minske ek romte foar planten en dieren. Tanksij GrienL...

lês mear >
pvdd

Rinie van der Zanden

Partij voor de Dieren

De Partij voor de Dieren komt op foar alles wat kwetsber is. In protte dingen dy’t wy dogge binne ferkeard foar ússels en ús sûnens, mar ek foar dieren, natuer en milj...

lês mear >
pvda

Jannewietske de Vries

PvdA

De Partij van de Arbeid yn Fryslân doart te dreamen en makket dy dreamen wier. Elke dei, stap foar stap. Wy litte sjen dat fyzje en optimisme it ferskil meitsje. Dat it al...

lês mear >
sp

Fenna Feenstra

SP

Fenna Feenstra, listlûker foar de SP: ‘Minsken dêr’t wy op strjitte en yn ’e buert mei prate binne lilk op ús regearing. Se hawwe har nocht fan de twadieling yn ú...

lês mear >
vvd

Klaas Kielstra

VVD

De VVD kiest yn syn ferkiezingsprogramma foar wurk, wegen, lege lêsten en de ûndernimmende minske. De VVD fynt dat Fryslân in krêftich bestjoer nedich hat dat syn wurk ...

lês mear >
verenigd-links

Ad van de Kolk

Verenigd Links

Mei jo stim op Verenigd Links kinne wy meielkoar werklik wat dwaan oan de sosjale problemen dêr’t minsken yn de wiken en doarpen tsjinoan rinne. Alle lokale Verenigd Lin...

lês mear >
libertarischepartij

Klaas Wassenaar

Libertarische Partij

De LP wol oarsaken oanpakke, gjin gefolgen bestride. Wy binne écht sosjaal. Gigantyske útjeften wêrtroch’t earste libbensbehoeften trijedûbel te djoer binne troch tri...

lês mear >

Diel watsto dwaan silst!

Wat dochsto yn 18.3 sekonden? Wêr moatte Provinsjale Steaten de kommende fjouwer jier omtinken oan jaan? Kies hjirûnder in stelling dêr’tsto achter stiest, diel dy op Facebook of Twitter en daagje dyn freonen út om ek yn 18.3 sekonden it ferskil te meitsjen!

fotopvv

Max Aardema

PVV

De Partij voor de Vrijheid docht op 18 maart wer mei oan de Fryske Steateferkiezingen. De lanlike útgongspunten fan ús partij jilde fansels ek foar dizze ferkiezingen. Ma...

lês mear >
50plus

Jan Waterlander

50PLUS

Yn Fryslân is it tal 65-plussers tanommen ta 124.000. Lanlik is ien op de fjouwer ynwenners âlder as fyftich jier. En dat oantal nimt ta! Wa meitsje harren drok oer âlde...

lês mear >
cda

Sander de Rouwe

CDA

Fryslân is de moaiste provinsje fan Nederlân. Dêr binne wy grutsk op! Op ús lânskip, ús taal en ús mienskip, de kreativiteit, de ûndernimmingssin en ús kultureel e...

lês mear >
cu

Anja Haga

ChristenUnie

Us basis is it leauwe yn Jezus Kristus, dat wy yn it deistich libben hannen en fuotten jaan wolle. De opjefte is om God leaf te hawwen boppe alles en ús neiste as ússels....

lês mear >
d66

Margreet Mulder

D66

Fryslân hat alles wat yn de Rânestêd ûntbrekt: rêst, romte, grien, in goedkeap wenklimaat en in suver fileleaze ynfrastruktuer. In hearlike omjouwing om te wenjen en t...

lês mear >
fnp

Johannes Kramer

FNP

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan Fryslân. De FNP giet yn it foarste plak út fan de belangen fan Fryslân. It giet de FNP derom dat de minsken ...

lês mear >
friesekoers

Jelle Hiemstra

Friese Koers

Friese Koers is de jongste Fryske partij, dy’t syn nocht hat fan de âlde polityk. Wy hawwe gjin politike baas yn Den Haach. Us baas, dat binne jo. Wy wolle it âlderwets...

lês mear >
grienlinks

Retze van der Honing

GrienLinks

GrienLinks stiet foar griene en linkse polityk. Dat betsjut earlik diele. De romte earlik diele: neist romte foar de minske ek romte foar planten en dieren. Tanksij GrienL...

lês mear >
pvdd

Rinie van der Zanden

Partij voor de Dieren

De Partij voor de Dieren komt op foar alles wat kwetsber is. In protte dingen dy’t wy dogge binne ferkeard foar ússels en ús sûnens, mar ek foar dieren, natuer en milj...

lês mear >
pvda

Jannewietske de Vries

PvdA

De Partij van de Arbeid yn Fryslân doart te dreamen en makket dy dreamen wier. Elke dei, stap foar stap. Wy litte sjen dat fyzje en optimisme it ferskil meitsje. Dat it al...

lês mear >
sp

Fenna Feenstra

SP

Fenna Feenstra, listlûker foar de SP: ‘Minsken dêr’t wy op strjitte en yn ’e buert mei prate binne lilk op ús regearing. Se hawwe har nocht fan de twadieling yn ú...

lês mear >
vvd

Klaas Kielstra

VVD

De VVD kiest yn syn ferkiezingsprogramma foar wurk, wegen, lege lêsten en de ûndernimmende minske. De VVD fynt dat Fryslân in krêftich bestjoer nedich hat dat syn wurk ...

lês mear >
verenigd-links

Ad van de Kolk

Verenigd Links

Mei jo stim op Verenigd Links kinne wy meielkoar werklik wat dwaan oan de sosjale problemen dêr’t minsken yn de wiken en doarpen tsjinoan rinne. Alle lokale Verenigd Lin...

lês mear >
libertarischepartij

Klaas Wassenaar

Libertarische Partij

De LP wol oarsaken oanpakke, gjin gefolgen bestride. Wy binne écht sosjaal. Gigantyske útjeften wêrtroch’t earste libbensbehoeften trijedûbel te djoer binne troch tri...

lês mear >

Diel watsto dwaan silst!

Wat dochsto yn 18.3 sekonden? Wêr moatte Provinsjale Steaten de kommende fjouwer jier omtinken oan jaan? Kies hjirûnder in stelling dêr’tsto achter stiest, diel dy op Facebook of Twitter en daagje dyn freonen út om ek yn 18.3 sekonden it ferskil te meitsjen!

Faak stelde fragen

  • Wat dogge Provinsjale Steaten?

    Provinsjale Steaten (PS) foarmje it haad fan de provinsje. Se fertsjintwurdigje alle ynwenners fan Fryslân, bepale yn grutte halen wat der yn ús provinsje bart en kontrolearje Deputearre Steaten, it deistich bestjoer fan de provinsje. Hjir kinst mear lêze oer de ûnderwerpen dêr’t PS harren mei dwaande hâlde.

  • Wat is de ynfloed fan Provinsjale Steaten op de lanlike polityk?

    De Provinciale Steaten fan alle provinsjes kieze meielkoar de leden fan de Earste Keamer. Dat dogge se dit jier op 26 maaie. Troch te stimmen foar de Provinsjale Steaten oefenest dus daliks ek ynfloed út op de gearstalling fan de Earste Keamer.

  • Wêr kin ik stimme?

    Op 18 maart wurde yn hiel Fryslân stimlokalen ynrjochte. Elk stimlokaal is iepene fan 7.30 oant 21.00 oere. Guon stimlokalen, bygelyks op stasjons of yn sikehuzen, binne al earder iepen of slute letter. Op dyn stimpas, dy’tst op syn lêst 4 maart tastjoerd krijst, stiet it adres fan in stimlokaal by dy yn ’e buert. Mar stimst leaver op in oar plak yn dyn gemeente, dan kin dat ek.

  • Mei ik yn in oare gemeente stimme?

    Wolsto yn in oare gemeente stimme? Dan moatst in kiezerspas oanfreegje. Dat kinst dwaan by de ôfdieling Boargersaken fan dyn gemeente, oant uterlik 17 maart om 12.00 oere. Mei de kiezerspas kinst by elk stimburo yn de provinsje Fryslân stimme.

  • Wat moat ik meinimme om stimme te meien?

    Hasto stimrjocht, dan krijst uterlik 4 maart 2015 in stimpas tastjoerd. Dy nimst mei nei it stimlokaal. Om stimme te meien, hast dêrneist in identiteitsbewiis (ID-kaart, paspoart of rydbewiis) of Nederlânske ferbliuwsfergunning nedich. It identiteitsbewiis mei maksimaal fiif jier ferrûn wêze.

  • Ik bin myn stimpas kwyt rekke. Mei ik noch stimme?

    Rekkest dyn stimpas kwyt, dan kinst in ferfangende pas oanfreegje. Dat kin op it gemeentehûs fan dyn gemeente, oant uterlik 17 maart om 12.00 oere. Ast in ferfangende stimpas hast en dyn âlde pas dochs noch weromfynst, moatst mei de ferfangende pas stimme.

  • Hoe ferrint it stimmen?

    Om te stimmen joust dyn stimpas en identiteitsbewiis oan in meiwurker fan it stimlokaal. Hy of sy kontrolearret oft de gegevens op de stimpas en it identiteitsbewiis mei elkoar oerienkomme, en jout dy dêrnei in stimbiljet. It stimbiljet is in list mei de nammen fan de partijen en kandidaten op wa’tst stimme kinst. Yn it stimhokje krústo mei in read potlead de kandidaat fan dyn kar oan. It stimbiljet dochst dêrnei opteard yn de stimbus.

  • Mei immen oars foar my stimme?

    Hasto op 18 maart net de mooglikheid om sels te stimmen, mar wolst dyn stim net ferlern gean litte? Dan kinst immen oars stimme litte út namme fan dy. Dat dochst troch him of har in saneamde folmacht te jaan. Op de achterkant fan dyn stimpas kinst de namme ynfolje fan dejinge dy’t foar dy stimme sil. Hy of sy moat wol yn deselde gemeente wenje as do en mei yn totaal maksimaal twa machtigingen hawwe. Om út namme fan dy stimme te kinnen, hat de folmachtige persoan in kopy fan dyn identiteitsbewiis (ID-kaart, paspoart of rydbewiis) nedich. Hy of sy moat dyn stim tagelyk mei syn/har eigen stim útbringe.

  • Wat is blanko stimmen?

    Wolst net op ien fan de ferkiesbere partijen stimme, dan kinst in blanko stim útbringe. Dat dochst troch neat yn te foljen op it stimbiljet. In blanko stim giet net nei in partij, mar wurdt wol meirekkene yn it opkomstpersintaazje.

  • Hoe wurdt de ferkiezingsútslach fêststeld?

    Sadree’t de stimlokalen sletten binne, begjinne de meiwurkers mei it tellen fan de stimmen. Om fêst te stellen hoefolle sitten oft elke partij krijt, wurdt gebrûk makke fan de kiesdieler. Mear ynformaasje oer it fêststellen fan de ferkiezingsútslach kinst lêze op de website fan de Ryksoerheid.

  • Wêrom moatte wy op 18 maart twa kear stimme?

    Tagelyk mei de Provinsjale Steateferkiezingen wurde ek de wetterskipsferkiezingen holden. By dy ferkiezingen wurdt it nije algemien bestjoer fan de wetterskippen keazen. It wetterskip fan ús provinsje hjit Wetterskip Fryslân. Op www.wetterskipverkiezingen.nl kinst mear lêze oer de ferkiezingen fan Wetterskip Fryslân.

  • Ik bin op 18 maart yn it bûtenlân. Kin ik dan stimme?

    Allinnich ast ynskreaun stiest yn in Nederlânske gemeente kinst út it bûtenlân wei stimme foar de ferkiezingen fan 18 maart. Stiest net ynskreaun yn in Nederlânske gemeente, bygelyks omdatst (foar langere tiid) yn it bûtenlân wennest, dan is it net mooglik om te stimmen. Sjoch foar mear ynformaasje oer stimmen út it bûtenlân wei op de website fan de Ryksoerheid.

Stimhelp

Stimhelp